20160809 195331 1

Bysûndere belangstelling tiidens de training fan de loopgroep Wytmarsum.

Sa as altyd hie Janny de hele wike sitten te brieden op passende trainings skema’s foar elk niveau.

Mar mei dizze skarrelaar hie se gjin rekken hâlden.

Mar gelokkich gjin noed want no die bliken dat Willie oer ûnbekende kwaliteiten beskikt.

Sa skarreljende wei op de hin ta en hoppa, efkes stretche en Willie hat de hin yn it nekfel. Se seachen mekander oan en de fonk  sloech oer. Willie yn de bân fan dit skoandere hintsje.

Janny koe der hast net mear boppe ut komme sa keakelen we as hinnen sûnder kop troch elkoar:

 “Hoe neam je in hin no mei op training !?”  Ek dêr wist Willie wol rie mei: gewoan in tie-ripke om de nekke, dan kinst de hin sa mei nimme.

Spitich genôch wienen de tie- ripkes krekt op en moasten we sûnder dizze nije mascotte de training dien meitsje.